Parkearboeten reedriders Broek en Nannewiid kwytskolden

06 mrt 2018 - 17:08
  • Jan van der Veen, gemeente De Fryske Marren

De boeten foar foutparkearende reedriders by Broek en it Nannewiid hoege net betelle te wurden. Dat hat de gemeente De Fryske Marren meidield. De boeten wurde kwytskolden, want it parkearferbod jilde net foar de berm. Auto's dy't alhiel yn de berm stean en gjin kontakt hawwe mei de wei soene dêr dan net ûnder falle. Omdat net mear nei te gean is hoe't de auto's krekt stiene, hat de gemeente besletten alle boeten yn te lûken. It giet mei-inoar om in lytse tritich boeten. 

De gemeente hie ferline wike in ferbodsboerd yn de berm fan de Swettepoelsterdyk by Broek setten, dêr't minsken de auto delsetten foardat se dêr te reedriden giene. De Fryske Marren woe sa foarkomme dat der gjin romte wêze soe foar helptsjinsten, as dy dêr del moatte soene. Der kaam in soad protest fan minsken dy't fûnen dat de gemeente te gau neidat de buorden der stiene mei bekeuren begûn.

In wurdfierder fan de gemeente seit dat se de saken net goed oanpakt hawwe. As der wer sokke eveneminten binne, komme der ek oanfoljende maatregels om de helptsjinsten dochs de romte te jaan. Wat dat krekt wurde sille, moat noch útsocht wurde. 

Trefwurden: 
parkearboete reedriders Broek
(advertinsje)