Wa helpt IVN oan 417 haakte skriezepykjes?

It IVN, it ynstitút foar natoeredukaasje en duorsumens, is op syk nei minsken dy't helpe wolle by it meitsjen fan haakte skriezepykjes. De pykjes moat útdield wurde op basisskoallen yn de provinsje. Se ha der no goed 200, mar der binne op 15 maart 417 nedich.
De pykjes hearre by it boek 'Pykje Fjouwer' dat útdield wurdt op de skoallen. Dat boek giet oer in skriezepykje dat allegear aventoeren belibbet. It projekt is ferline jier betocht yn gearwurking mei Kening fan de Greide. Dat boargerinisjatyf is opset út ûnfrede oer de ferskraling fan it greidlân. Minsken dy't meihelpe wolle, kinne it haakpatroan fine op ivn.nl.