Kristlike plattelânsfroulju moatte ophâlde

06 mrt 2018 - 16:53

Der komt in ein oan de 'Friese Christelijke Plattelandsvrouwen Bond'. De reden is dat der gjin nij bestjoer foarme wurde kin. Op it stuit binne der noch sawat 1400 leden fan de plattelânsfroulju yn Fryslân. Neffens Sjoke Sijtsema, foarsitter fan it provinsjaal bestjoer, hawwe de plattelânsfroulju dus wol besteansrjocht. Pleatslike ôfdielingen kinne wol bestean bliuwe, mar Sijtsema ferwachtet dat dy yn de takomst ek ferdwine sille.

Belangryk foar de maatskippij

Neffens Sijtsema binne de plattelânsfroulju in belangryk orgaan yn de maatskippij. "Troch de gesellichheid wurdt iensumens tsjingien en der komme op in jûn ûnderwerpen oan bod dêr't jo oars net folle fan ôf witte. It is dus wichtich foar de persoanlike ûntwikkeling."

(advertinsje)