Wurkstraf easke foar oanfal mei heafoarke op buorman

06 mrt 2018 - 16:46

Tsjin in man út Tytsjerk is in wurkstraf fan tachtich oeren easke, omdat er syn buorman oanfallen hat mei in heafoarke. Hy hie al in skoftsje in skeel mei de man. Dy hie faak de doar iepenstean, wêrtroch't de fertochte lêst hie fan de wietlucht út syn hûs wei. Doe't de fertochte dêr wat fan sei, soe de buorman him oanfallen ha mei in pear stokken. De Tytsjerkster soe him doe mei de heafoarke stutsen ha.

Justysje hâlde der by de eask rekken mei dat de buorman as earste agressyf wurden wie en dat er geregeld foar oerlêst soarge. De rjochter docht oer twa wiken útspraak.

Trefwurden: 
heafoarke strafeask Tytsjerk
(advertinsje)