Gjin misdriuw by ferdrinkingsgefal Dokkumer Nije Silen

Foto: De Vries Media

De man út Ulrum waans it lichem moandei fûn is yn it wetter by Dokkumer Nije Silen, is om it libben kaam troch ferdrinking. Dat hat neffens de plysje bliken dien út seksje op it lichem. De plysje slút in misdriuw út.

De man út Ulrum waard sûnt snein fermist. Syn auto waard fûn by Dokkumer Nije Silen. Dûkers hawwe dêr moandei yn it wetter socht en fûnen doe it stoflik omskot fan de man.

06 mrt 2018 - 16:38
(advertinsje)