Schulting en Knegt fiere WK-shorttrackploech oan yn Kanada

06 mrt 2018 - 16:35

Suzanne Schulting fan De Tynje en Sjinkie Knegt fan Bantegea fiere de Nederlânske shorttrackploech oan by it WK yn Montréal yn Kanada. Dat begjint op freed 16 maart, oer oardel wike. Suzanne Schulting, Yara van Kerkhof en Lara van Ruijven ride de yndividuele ôfstannen. Rianne de Vries is reserve en rydt mei yn de ôflossingsploech. Avalon Aardoom, dy't ferrassend goed prestearre op it NK yn jannewaris, is de fiifde frou yn de ôflossingsploech.

By de manlju binne Sjinkie Knegt en Itzhak de Laat fan Ljouwert oanwiisd foar de yndividuele ôfstannen. Daan Breeuwsma fan Akkrum is reserve en hy sit by de ôflossingsploech. Lemster Dennis Visser ûntbrekt yn de shorttrackploech foar it wrâldkampioenskip. Dit seizoen wie Visser ien fan de fêste wearden by de ôflossingsploech, mar bûnscoach Jeroen Otter kiest op it WK foar oare nammen. Ek Dylan Hoogerwerf sit net yn de ploech. Adwin Snellink en Mark Prinsen binne harren ferfangers.

Schulting wûn by de Olympyske Spelen yn Súd-Koreä goud op de 1000 meter, Knegt helle sulver op de 1500 meter.

Trefwurden: 
shorttrack WK Kanada
(advertinsje)