Wagenborg komt mei nij passazjiersskip dizze moanne

06 mrt 2018 - 16:18

Rederij Wagenborg presintearret ein dizze moanne it nije passazjiersskip de m.s. Fostaborg. Dat skip fersoarget tenei de sneltsjinst tusken Holwert en It Amelân. Neffens Wagenborg binne reizgers mei de nije fearboat binnen in oere fan Ljouwert út op it eilân. It skip is foar it earst te besjen op de Open Deuren Dag fan Wagenborg op 24 maart yn Nes op It Amelân.

(advertinsje)