"Soad minsken tsjin komst pier en swimbad by Wierum"

06 mrt 2018 - 16:16

Twatredde fan de Wierumers dy't reagearre hawwe op in peiling fan de mieningen, is tsjin de komst fan in pier en seeswimbad yn de plannen sa't dy der no lizze. Dat is de útkomst fan in omfreegjen fan in groep dy't himsels Keer it tij neamt. De sifers binne nei te lêzen yn doarpskrante De Fûke. De peiling fan de mieningen waard begjin jannewaris hâlden en de einstân is basearre op it tal reaksjes dat ein febrewaris binnenkaam wie. 

It doarp is ferdield oer de komst fan de pier achterdyk, dy't in heale kilometer lang is, mei swimbad. Guon binne foar, omdat mear toerisme it doarp troch de tiid helpe kin. Oaren fine dat de bouwurken it Waadlânskip oantaaste. Júst foar it toerisme moat it sa 'puer' mooglik bliuwe. 

De pier en it swimbad binne plannen fan Joop Mulder yn syn projekt Sense of Place. Dêr sitte ek in terp by Blije yn en in keunstwurk op de dyk by Holwert. De plannen kealje swier, Mulder ûntkent dat der sprake is fan 'tsjinwurking'. "Het enthousiasme is heel groot bij iedereen", sa sei er earder yn in ynterview tsjin Omrop Fryslân. Dat it sa swier keallet, komt troch it trage fergunningtrajekt, seit er. 

De kommisje Kromme Horne dy't foarstanner is fan it pier-swimbad-plan by Wierum, bestriidt de útkomsten fan de peiling fan Keer it tij. Kromme Horne wiist op in eardere enkête dêr't út bliken dien hat dat de mearderheid foar de komst fan pier mei swimbad  is. 

Trefwurden: 
Wierum pier swimbad tijbad
(advertinsje)