Wiebe jout tweintich húskeamerkonserten yn Fryslân

06 mrt 2018 - 16:04

De Fryske band Wiebe jout takom wike yn it ramt fan Kulturele Haadstêd in searje fan tweintich húskeamerkonserten. Minsken dy't de band oer de flier ha woene, koene har oanmelde foar in fergees optreden. Wiebe Kaspers en de oare leden fan de band ha út de oanmeldingen tweintich húskeamers útsocht, yn de hiele provinsje.

Letter dit jier folget in twadde searje fan achttjin konserten. Mei de optredens wol de band live muzyk tagonklik meitsje foar safolle mooglik minsken.

(advertinsje)