"Earste ljipaai wurdt nije wike tongersdei fûn"

06 mrt 2018 - 15:48

It earste ljipaai wurdt nije wike tongersdei fûn tusken alven en tolven. Dat foarsizze it Bûn fan Fryske Fûgelwachten en ekologysk advysburo Altenburg en Wymenga út Feanwâlden. De foarsizzing is basearre op in berekkening oan de hân fan temperatuergegevens fan it KNMI.

Ferline jier kaam de foarsizzing presys op de dei ôf út, meldt it BFVW. It earste ljipaai waard doe fûn op 9 maart, mar net yn Fryslân. In dei letter wie it wol safier yn ús provinsje.

De foarseine datum falt dit jier letter as ferline jier, trochdat der let yn de winterperioade noch froast wie.

(advertinsje)