Buma Award klassike muzyk foar Jacob de Haan

06 mrt 2018 - 15:38

Komponist Jacob de Haan hat in Classical Buma Award krigen. Hy is de Nederlânske klassike komponist fan wa't oer de hiele wrâld it faakst muzyk útfierd wurdt.

De Haan waard berne op It Hearrenfean, studearde oan it konservatoarium yn Ljouwert en wurke dêr ek. Sûnt de jierren njoggentich fan de foarige iuw wurket er selsstannich as komponist. Hy komponearret foaral symfoanyske blaasmuzyk en koarmuzyk. De Haan wurdt rûnom op de wrâld ek faak frege as dirigint fan syn eigen wurk.

(advertinsje)