Jier selstraf ûnder betingst foar beton fan fiadukt smiten

06 mrt 2018 - 15:14

De man dy't ferline simmer fan in fiadukt by Appelskea ôf in stik beton op de provinsjale dyk smiet, hat in finzenisstraf ûnder betingst krigen fan in jier mei in proeftiid fan trije jier. De rjochter wol ek dat er behannele wurdt.

De 35-jierrige man is ferstanlik beheind en wenne yn in ynstelling yn Appelskea. Hy wie lilk oer de minne ynternetferbining dêr en út frustraasje smiet er it stik beton op de dyk. In auto botste derop, de sjauffeur kaam mei de skrik frij.

Op 't heden sit de man yn in klinyk yn Rekken. Fan de rjochter moat er dêr de earstkommende twa jier bliuwe, omdat de kâns grut is dat er wer yn de fout giet. Troch syn beheining rekket er psychysk gau út balâns.

Trefwurden: 
beton straf Appelskea
(advertinsje)