Brêge Koarnwertersân wer stikken, ferkear oer súdlike brêge

06 mrt 2018 - 13:38

Ferkear dat gebrûk meitsje wol fan de Ofslútdyk moat op it stuit rekken hâlde mei fertraging. De noardlike draaibrêge by Koarnwertersân, yn de rjochting fan Noard-Hollân, is opnij stikken. Troch in technyske steuring wol de brêge net mear ticht. Der wurdt wurke oan in oplossing.

It ferkear yn beide rjochtingen wurdt oer de súdlike brêge laat. De eardere omlieding fia Emmeloord en Lelystad nei Amsterdam is opheft.

(advertinsje)