Omrop TIP: Wat makket Reitse fan it iten út dyn kuolkast?

06 mrt 2018 - 13:08
  • Lekker ite mei Reitse, út eigen kuolkast

Hoe sûn is Fryslân? Ite wy wol de goede produkten? Bewege wy wol genôch? Sjefkok Reitse Spanninga siket it út. Hy sjocht oeral yn ús provinsje en by dy yn de kuolkast mei de fraach: hoe sûn is Fryslân? Yn it programma bellet Reitse by samar ien oan en dûkt dêr de kuolkast yn. Wat sit dêr yn en wat makket hy derfan?

Yn de earste ôflevering, jûn om 18.45 oere, sjocht Reitse op It Hearrenfean. Dy gemeente is yn 2017 útroppen ta dé sportgemeente fan Nederlân. Mar wat is dêrfan wier? Reitse bellet oan by de ynwenners fan It Hearrenfean om yn harren kuolkast te sjen....

'Lekker ite mei Reitse, út eigen kuolkast' is alle tiisdeis om 18.45 oere te sjen op telefyzje. Alle resepten fan de gerjochten dy't yn de ôfleveringen makke wurde binne op de spesjale side 'Fryslân Sûn' te finen

(advertinsje)