Erik Wolsink is posityf oer syn tiid by LDODK

De klik tusken in oantal spilers fan LDODK en trainer Erik Wolsink wie ferdwûn en dêrom hat it bestjoer fan de kuorbalklup besletten om ôfskied te nimmen. Dit wie foar beide partijen it bêste beslút, al hoe dreech oft it wie, fertelt LDODK-foarsitter Gouke de Vries. "It is wol in dreech beslút. Mar der wiene yrritaasjes oer en wer. Se hawwe it wolris oer in 'houdbaarheidsdatum', en dy is krekt wat te betiid oankaam."
Moandeitejûn hat Wolsink dien krigen. "Ik zat de wedstrijd tegen PKC voor te bereiden, toen Gouke belde. Het kwam wel even binnen." De problemen dy't guon spilers mei Wolsink hawwe soene, fernaam hy de lêste tiid ek yn de groep. "We hebben vorige week uitvoerig gesproken. Er zat een situatie die niet helemaal klikte." Sneon nei de wedstriid tsjin KCC makke Wolsink him lilk oer de minne twadde helte fan syn ploech. Dy lilkens spruts hy ek út. "We maken afspraken en dan zie je toch dat een aantal zeer ervaren mensen daaruit stapt. Terwijl ik bij hen hogere eisen heb. En dat kwam er niet helemaal uit. Je krijgt dan wel een soort kritische verhouding, die is gebleven. Dat kan tot irritatie leiden."
Krúsfinale
LDODK hopet mei dizze maatregel op koarte termyn resultaat te heljen, sadat de ploech dochs noch de krúsfinale hellet. Sneon foel foar De Vries it kwartsje om ôfskied te nimmen fan Wolsink: "Under en nei de wedstriid hie ik al it gefoel dat it better wie om útmekoar te gean. Der wiene meardere dingen om te sizzen dat it better wie om te stopjen. Wy tinke dat dit it bêste is foar eltsenien." Assistint-trainer Henk Jan Mulder, dy't takom seizoen haadtrainer wurde soe, nimt it stokje no fuortendaliks oer fan Wolsink. Hy wurdt dêr by assistearre troch Marjo de Haan.
Nettsjinsteande it ûnferwachte fuortgean tinkt Wolsink dochs posityf werom oan syn tiid by de Gordyksters. "Het was een geweldige tijd. Met name op mijn eerste jaar kijk ik het beste terug. Dit jaar was het doel om te kijken of we de finale om de titel konden halen. Dat kan nog steeds. Het scenario is wankel, maar er is voldoende kwaliteit. Het was mijn doel, maar daar haak ik nu af. Ik hoop wel dat de ploeg daar gewoon keihard in doorgaat. Ik ga er vanuit dat ze met Henk Jan en Marjo die klus moeten kunnen klaren", sa seit Wolsink.
Freed spilet LDODK de lestige útwedstriid tsjin PKC yn Papendrecht. Op it stuit steane de Gordyksters fiifde, om de krúsfinale te heljen moatte se noch ien plakje klimme.