Automobilist rekket macht oer stjoer kwyt op A7

Foto: Srfotografie

In automobilist is tiisdeitemoarn ferwûne rekke by in iensidich ûngelok op de A7 by Beetstersweach. De bestjoerder kaam troch noch ûnbekende oarsaak yn de berm telâne en rekke de macht oer it stjoer kwyt. De auto kaam ta stilstân tsjin de fangrail. It slachtoffer is oerbrocht nei it sikehûs yn Drachten. In berger hat de skansearre auto fuortsleept.

06 mrt 2018 - 12:25
(advertinsje)