Lijst058 easket iepenbierheid oer ferbouwing Blokhúspoarte

06 mrt 2018 - 12:01

De fraksje fan Lijst058 yn de Ljouwerter gemeenteried hat tiisdeitemoarn in Wob-fersyk oer de Blokhúspoarte by it gemeentebestjoer yntsjinne. Mei it fersyk wol de fraksje alle ynformaasje boppe tafel krije oer it stillizzen fan bouwurksumheden oan de Blokhúspoarte.

Woansdei wurdt der oer de finansjele tekoarten by de ferbouwing praat, mar de fraksjes krigen moandei te hearren, dat se net alle finansjele ferslaggen krije. Fraksjefoarsitter Otto van der Galiën fan Lijst058 is bot teloarsteld oer dit beslút en wol mei it Wob-fersyk berikke, dat se de stikken wol krije.

By de ferbouwing fan de eardere finzenis is in tekoart ûntstien fan 4 miljoen euro. Eigener Boei fan de Blokhúspoarte, de gemeente en de provinsje wize nei inoar as ferantwurdlike foar de tekoarten.

(advertinsje)