Poiesz nimt mielbesoarger Van Smaak oer fan Kwadrant

06 mrt 2018 - 11:27

Supermerkketen Poiesz nimt mielbesoarchtsjinst Van Smaak oer. Van Smaak falt no ûnder de Kwadrantgroep, dat in tal soarchynstellingen hat. Kwadrant wol de mielbesoarchtsjinst kwyt, omdat it him folslein rjochtsje wol op de soarch.

De oername jildt allinne foar de oandielen, de 170 wurknimmers bliuwe yn tsjinst fan Van Smaak. De Kwadrantgroep nimt foar syn ynstellingen ek it iten by Van Smaak ôf. Poiesz wol it miel besoargjen fierder útbouwe, sadat minsken sawol iten as boadskippen thús besoarge krije kinne.

(advertinsje)