Weststellingwerf net ta oan ierdgasfrij bouwen

06 mrt 2018 - 11:12

Weststellingwerf is noch net ta oan ierdgasfrij bouwen. Dat die moandeitejûn bliken, doe't in moasje fan de ienmansfraksje Westenberg hjiroer gjin stipe krige fan de gemeenteried. De Twadde Keamer hat in moanne lyn de Elektriciteits- en Gaswet oanpast, wêrtroch't nei alle gedachten fan 2019 ôf huzen net langer op gas oansluten wurde meie.

Westenberg woe hjir op foarútrinne troch no al ierdgasfrij te bouwen, mar de oare fraksjes fûnen dit te koart troch de bocht. Der is neffens de gemeenteried noch te folle ûndúdlik oer de gefolgen fan it bouwen fan huzen sûnder oansluting op ierdgas.

De oerheid hat besletten dat huzen en gebouwen yn Nederlân yn 2050 ierdgasfrij wêze moatte.

(advertinsje)