Sneltsjinst Harns, Skylge en Flylân ferfalt om iisgong

06 mrt 2018 - 10:30

De sneltsjinst fan rederij Doeksen tusken Harns, Skylge en Flylân komt woansdei te ferfallen. Reden is de iisgong yn de Waadsee. Der wurde twa ekstra feartsjinsten ynset: fan Skylge nei Harns om 17.30 oere en fan Harns nei Skylge om 19.55 oere. De oare ôffearten fan de feartsjinst binne neffens de tsjinstregeling.

(advertinsje)