"Guozzen hawwe gjin negatyf effekt op kwaliteit natuer"

06 mrt 2018 - 09:55

It Fryske Gea, Steatsboskbehear en Wetterskip Fryslân nimme gjin ekstra maatregels tsjin guozzen yn natuergebieten. Ut in stúdzje yn opdracht fan de trije ynstânsjes docht bliken dat guozzen gjin negatyf effekt ha op de kwaliteit fan de natuer. De oerwinterjende guozzen kinne ek gjin kwea wat de wetterkwaliteit en de stân fan de greidefûgels oanbelanget.

Yn moerasgebieten mei lisikkers en petgatten wurdt wol in soad fegetaasje fertrape en dat is wol in serieus probleem dat oanpakt wurde moat. Fierders sizze de ynstânsjes dat der noch in soad ûndúdlik is en fierder ûndersocht wurde moat. Dan giet it ûnder oare om it effekt dat de dong fan de guozzen hat op de wetterkwaliteit yn moerasgebieten.

(advertinsje)