Kollum: "Pispôt en privacy"

06 mrt 2018 - 07:21

"Sûnder mis ha jim it allegear op ’e tafel te lizzen. En dan ha ik it net oer de hierren fan de kat, de restjes fan de lym dy’t de bern brûkt ha of de stapel reklamefolders. Dêr’t ik op doel is de stimpas. De oprop foar it earste riejouwend referindum fan 2018. En it lêste, mar dat is in oare kollum wurdich.

De ôfrûne dagen krige ik gauris te hearren dat minsken net witte wêr’t se foar nei it stimlokaal moatte. Om dat ek foar mysels helder te krijen ha ik my dêr sa goed sa kwea yn ferdjippe. It referindum giet oer de Wet op de inlichtingen- en veiligheidsdiensten. Dy wet is al oannommen, dat dêr is gjin politike reet mear oan te dwaan. It folk kin op syn heechst in sinjaal ôfjaan. De Wiv, of de Sleepwet, jout geheime tsjinsten mear as earder de romte om mear gegevens fan mear minsken nei te gean. In absolute needsaak yn dizze tiden fan terrorisme. Hoewol’t de AIVD ek sûnder dy wet al ferskate terroristyske oanslaggen foarkommen hat. En se dêr foar ek al doelbewust op de kabel sykje koene, want dêr kinne Oleg en Boris fan it Russyske hackerskollektyf ‘Usmemhatinburd’ fan meiprate.

De Sleepwet giet dus oer massaal ôfharkjen fan kommunikaasje en ûnbehindere tagong ta de glêsfezelkabel, oant it hacken fan jins Smart tv ta. Sadwaande kin Rob Bertholee, de baas fan de AIVD, te witten komme datsto, ja do, nei Utopia sitst te sjen. Of nei Stelletje Pottenbakkers! De fraach is oft soks in probleem is. Salang’t der fatsoenlike minsken yn de regearing sitte dy’t op in fatsoenlike wize mei gegevens omgean sil it wol in slach tafalle. As der lykwols sokken as Xi Jinping, Kim Jong-un en Donald Trump binne, wêrby’t de lêste de minsken dy’t anty-Trump pagina’s op facebook hiene opspoare litten hat, wurdt it in oar ferhaal. No’t ik dat sa opskriuw, betink it my dat ik de ‘like’ dy’t ik de patriciapispôtpaaypagina op facebook jûn ha, fuorthelje moat…

Behalve de earder neamde saken giet de Sleepwet ek oer ynternasjonale gegevensútwikseling. Dat betsjut dat de AIVD net-kontrolearre kommunikaasje dy’t se ûnderskept ha, trochjaan kinne oan tsjinsten yn it bûtenlân. In foarbyld dêrfan dat ik lêsten hearde lis ik jim foar. De AIVD wol graach ynformaasje fan Turkije oer IS’ers ha dy’t fia dat lân dizze kant út komme wolle. Logysk. Like logysk is it dat Turkije dêr wat foar werom ha wol. Lykas net-kontrolearre gegevens fan ûnskuldige Turkse Nederlanners. Wolle wy soks oan Erdogan en co. trochspylje, mei alle gefolgen dy’t dat ha kin?

Neist de frijheid om jins miening te uterjen is privacy ien fan de meast wichtige wearden yn ús maatskippij. Wat dat oangiet is der in spanningsfjild tusken privacy en feilichheid. Beatrice de Graaf, heechlearaar en terrorisme-ekspert, seit dat mear data net automatysk mear feilichheid betsjut. Sa’n útspraak is reden genôch om de Sleepwet kritysk te besjen. Om de kontrôlemooglikheden dy’t dêryn sitte goed te hifkjen. En om te sjen wat better kin. Want dy wet is al in feit. Krekt as dat wy in grut part fan ús privacy al frijwillich opjûn ha. Is ‘ja’ stimme sa besjoen dan net de iennichste opsje?"

(advertinsje)