Minister hat fertrouwen yn ûndersyk nei fjoertoerwachter

© Henk Bootsma
Der is neat mis mei it ûndersyk dat Rykswettersteat docht nei it pesten fan fjoertoerwachtster Nicolette van Berkel fan Skylge. Dat anwurdet minister Kajsa Ollongren op fragen fan GrienLinks. Neffens de minister is op it stuit in 'kundige ploeg' mei trije saakkundigen oan de slach. De saak draait om in klacht fan Van Berkel. Sy tsjinne twa jier ferlyn in klacht yn oer seksuele yntimidaasje en pestgedrach fan kollega's. Nei de melding is de tastân eskalearre en sûnt dy tiid sit Van Berkel thús. Der hat al in tal ûndersiken west nei de klachten. Dy fynt Van Berkel net ûnôfhinklik. Ek hat Rykswettersteat ynformaasje oer de sûnens fan Van Berkel dield mei kollega's. Dat hie net moatten, skriuwt Ollongren. Rykswettersteat hat dêrfoar ekskús oanbean en it rapport weromhelle by de kollega's.
Ollongren skriuwt dat se it folste fertrouwen hat yn it tredde ûndersyk. Dat is neffens de minister ûnôfhinklik en wurdt útfierd troch goede minsken. Earder waard bekend dat ien fan de kommisjeleden, Bert Cremers, him weromlutsen hat. Hy fynt dat Rykswettersteat te min ynformaasje jout oer de saak. Rykswettersteat bliuwt derby dat it wol in ûnôfhinklik ûndersyk is en easket fan Van Berkel dat se dêroan meiwurket. De minister is it dêrmei iens en dielt de krityk fan Cremers net. It ûndersyk moat op 1 april klear wêze. Van Berkel moat dêroan meiwurkje. As se wegeret, kin se dien krije.