Wiebe en Syb nominearre foar Annie M. G. Schmidtpriis

05 mrt 2018 - 22:21

It nûmer 'Wat is er mis met luisteren' fan Wiebe Kaspers, Syb van der Ploeg en Gé Reinders is nominearre foar de Annie M.G. Schmidtprijs. Dat is de priis foar it bêste oarspronklike Nederlânsktalige 'kleinkunst'-liet fan it ôfrûne seizoen. Der binne noch fiif oare nominearren, wêrûnder it nûmer 'Geloven' fan Youp van 't Hek en Rens van der Zalm en 'Voor alles' fan Wende Snijders, in tekst fan Joost Zwagerman.

Op snein 15 april wurdt de winner bekend makke yn Theater Bellevue yn Amsterdam. De Annie M.G. Schmidtpriis wurdt foar de 26ste kear útrikt. De winner krijt in brûnzen boarstbyld fan Annie M.G. Schmidt en 3.500 euro. De sjuery bestiet dit jier ûnder oare út kabaretier Jacques Klöters, aktrise en sjongeres Doris Baaten en programmamakker Hijlco Span. De sjuery rikt de priis út oan sawol de tekstskriuwer as de komponist en útfierend artyst fan it winnende nûmer.

(advertinsje)