Test mei medisineferfier mei drones nei Skiermûntseach

Trije drones wurde úttest foar it ferfier fan medisinen fan Lauwerseach nei Skiermûntseach. It giet om ien studint fan de TU-Delft, ien fan it Nationaal Lucht- en Ruimtvaartlaboratorium en ien fan de DroneHub. Ein maart of begjin april wurdt de test dien. De test is in inisjatyf fan it ministearje fan Ferkear en Wettersteat, UMCG-ambulânsesoarch en de ANWB. Om't der in soad fragen binne, hâldt de gemeente Skiermûntseach tongersdei in ynformaasjemiddei. De inisjatyfnimmers jouwe dêr dan útlis oer de opset fan de test en wat de mooglike risiko's binne.
Jan Wiersma fan Vliegend.nl is op it stuit mei de tariedingen dwaande. Hy is belutsen by de drone fan de DroneHub. "It fleanen sels is net sa dreech. Jo kin in drone sa programmearje dat er selsstannich nei Skier fljocht en dêr medisinen dropt. Dat is allinnich ferbean yn Nederlân." Neffens de regels moat jo in drone altyd yn it sicht hâlde. Mar oer sa'n ôfstân is dat fansels net mooglik. It ministearje fan Ferkear en Wettersteat hat dan foar no ek in ûntheffing ôfjûn."
Neffens Wiersma sitte der net in soad risiko's oan de test: "Wy moatte in goed plan hawwe. Dêr wurkje we hurd oan. We rinne der om mei in team fan fiif man. Dêr binne we no in hiel soad mei oan it trainen." De drone sels bestjoert er fia it mobile 4G-netwurk. "Dan hâlde jo altyd kontakt mei de drone en bliuwt dy goed bestjoerber. En as de ferbining al fuortfalt, dan is der in needsysteem dat derfoar soarget dat it apparaat sa goed as te plak komt," seit Wiersma. By de test fljocht de drone op 150 meter hichte boppe de Waadsee. It tastel is dan fan de grûn ôf hast net te sjen of te hearren. "De oerlêst foar de natuer bliuwt dan ek beheind," tinkt Wiersma.
It ministearje fan Ferkear en Wettersteat wol mei de test ek dúdlikens krije oer hokker regels al en hokker net goed wurkje. Se moatte sa konkreter wurde nei de takomst ta. Dat is ek nedich om't de ferwachting is dat drones in folle gruttere rol krije by it ferfieren fan pakketsjes of oar guod.