"Gemy is fuort": LDODK-trainer Erik Wolsink stapt op

Erik Wolsink - Foto: awfoto.nl

Erik Wolsink fan kuorbalklup LDODK fan De Gordyk hâldt fuortendaliks op as trainer. Wolsink en it bestjoer fan de klup bin dat oerienkommen. Wolsink syn taken wurde oernommen troch assistint-trainer Henk Jan Mulder. Yn in ferklearring op de webside fan LDODK skriuwt it bestjoer dat de 'gemy' tusken de trainer en de groep fuort wie. De prestaasjes bliuwe achter by de ferwachtingen. Ferline jier slagge it Wolsink LDODK foar it earst yn de skiednis nei de play-offs te lieden foar it lânskampioenskip. No stiet de ploech mei noch twa wedstriden te spyljen op it fyfde plak.

Earder wie al bekend makke dat dit Wolsink syn lêste seizoen wurde soe op De Gordyk. Doe wie ek al dúdlik dat Henk Jan Mulder him opfolgje soe.

05 mrt 2018 - 21:53
(advertinsje)