Skûtsjestichting Stêd Dockum keapet skûtsje Eben Haëzer

05 mrt 2018 - 21:48

It bestjoer fan de Stichting Skûtsje Stêd Dockum hat it wedstrydskûtsje wêrmei't se ferline jier promovearren yn de IFKS, offisjeel kocht. Dêrfoar binne by de notaris de papieren tekene mei de eardere eigeners. De stichting hierde it skûtsje ferline jier om út te finen hoe't it foldie. De wedstriden giene sa goed, dat besletten waard it skûtsje te keapjen. It skûtsje krijt de namme Eben Haëzer, sa't de earste eigener Sybren van der Werf dy yn 1907 betocht hie.

Flak foar de oerdracht is it skûtsje noch ynkoarte om te foldwaan oan de Europeeske regels. De kommende tiid moat der noch hiel wat ûnderhâld dien wurde oan it skûtsje. It bestjoer wol it safolle mooglik yn de oarspronklike steat werombringe.

(advertinsje)