"Kriminaliteitssifers ûnbetrouber, nij ûndersyk nedich"

© Omrop Fryslân
De Algemene Rekenkamer moat ûndersyk dwaan nei de krekte kriminaliteitssifers yn Nederlân. De betrouberheid fan de sifers dy't it ministearje fan Justysje en Feiligens brûkt, stiet ta diskusje. Dat stelle ûnder oare de fakbûnen FNV en CNV en de ûndernimmingsrieden fan de Dienst Justitiële Inrichtingen. 3,5 miljoen delikten bliuwe dêrtroch ûnder de radar en yn 82 persint fan de registrearre misdied komt it net ta ferfolging, stelle sy. De fakbûnen biede tiisdei mei de ûndernimmingsried fan de Dienst Justitiële Inrichtingen in petysje oan mei de oprop om mei in ûnôfhinklik ûndersyk te kommen.
Neffens de sifers is de kriminaliteit yn it noarden de ôfrûne fiif jier mei in tredde part weromrûn. De FNV wiist derop dat de sifers fan it ministearje útgean fan registrearre kriminaliteit. De echte kriminaliteit leit heger, sizze se. Boppedat tinkt de FNV dat minsken minder ree binne om oanjefte te dwaan, omdat boargers der net in soad fertrouwen yn hawwe dat saken ek echt oppakt wurde.