Jong Hearrenfean moat belies jaan nei riante foarsprong

Wat begûn mei in riante foarsprong draaide moandeitejûn dochs noch út op in lykspul foar de beloften fan SC Hearrenfean tsjin Jong Ado Den Haag. Hearrenfean gie mei in foarsprong fan 3-0 de rêst yn troch twa doelpunten fan Van Amersfoort en ien fan Hornkamp. Nei de rêst makke Ivan Rako de foarsprong noch grutter. Mar doe kaam ADO werom. Roeleveld makke twa goals en Cil Kursat ien. Yn ekstra tiid (de 95e minút) makke Pinas de 4-4 lykmakker.
Jong Hearrenfean giet noch altyd oan de lieding yn de reservekompetysje. Jong Cambuur stiet op plak 2.