Jong Cambuur stjoert Jong Heracles mei ferlies nei hûs

SC Cambuur © Omrop Fryslân
Jong Cambuur hat moandeitejûn mei 4-1 wûn fan Jong Heracles út Almelo. De Ljouwerters giene de rêst yn mei in foarsprong. Dat begûn mei in eigen goal fan Heraclesspiler Wuytens. Dêrnei skoarden Cambuuraspilers Tyrone Conraad en Kevin van Kippersluis ek (3-0).
Nei rêst kaam Heracles efkes werom mei in doelpunt fan Reuven Niemeijer (3-1). Mar Ricardo Kip makke de foarsprong fan Cambuur noch grutter. Ut in strafskop skeat er binnen. De einstân wie 4-1.