Lichem yn wetter Dokkumer Nije Silen is fan fermiste Grinzer

05 mrt 2018 - 20:08

It lichem dat moandei fûn is yn Dokkumer Nije Silen is fan de fermiste Bart Goeree út Ulrum. Dat makke de plysje moandeitejûn bekend op twitter. De man waard sûnt snein fermist. Syn auto stie by Dokkumer Nije Silen en dêrom socht de plysje it wetter ôf tusken Nije Silen en Ingwierrum.  It lichem waard moandei yn de rin fan de dei lokalisearre. Oan 'e ein fan de middei is it lichem burgen.

De resultaten fan it ûndersyk nei de deadsoarsaak binne noch net bekend.

(advertinsje)