CBS: Ljouwerters hawwe leechste ynkommen fan Fryslân

06 mrt 2018 - 00:00

De trije noardlike provinsjes en Oerisel en Limboarch hawwe nei ferhâlding de measte gemeenten mei in leech trochsneedynkommen. Dat docht bliken út sifers oer 2015 fan it CBS, it sintraal buro foar de statistyk.

Yn de gemeente Ljouwert is it trochsneedynkommen it leechst fan Fryslân. Dat wol sizze dat it ûnder de 21.700 euro leit. De gemeente Littenseradiel dy't yn 2015 noch bestie, hat it heechste trochsneedynkommen. Dat leit dan tusken de 25.700 en 27.700 euro. Gemeenten lykas Súdwest-Fryslân en De Fryske Marren sitte dêr krekt ûnder.

Trefwurden: 
Ljouwert ynkommen CBS
(advertinsje)