VC Snits fynt yn Abe Meininger nije trainer

Foto: Martin de Jong
Adriaan Boers, lid fan it algemien bestjoer fan VC Snits

Abe Meininger is de nije trainer/coach fan VC Snits. Hy komt sels fan Snits. Meininger folget Ruut de Wit op. Dy waard yn febrewaris waarnimmend coach, nei't Petra Groenland opstapt wie. Meininger traint no noch de famkes ûnder de 17 jier by RTC Groningen. Hy wie fjirtjin jier trainer/coach fan Jong Oranje. Ek wie er oplieder fan follybaltrainers op Papendal.

It bestjoer fan VC Snits is bliid dat it op koarte termyn in goede trainer fûn hat om it earste frouljusteam troch de play-offs te loadsen. Mei Meininger en de technyske kommisje sil it bestjoer sjen nei de krekte ynfolling fan it trainerskip en de stêf fan it earste frouljusteam.

05 mrt 2018 - 19:54
(advertinsje)