"Proef mei ferpleatsen bushalte nei doarpsrâne giet troch"

05 mrt 2018 - 19:45
  • It Polytburo mei deputearre Johannes Kramer

De provinsjale proef, wêrby't de bus net mear yn it tal doarpen komt, giet troch. Dat sei deputearre Johannes Kramer yn It Polytburo.

Op twa plakken rint op dit stuit in eksperimint mei it 'strekken' fan buslinen. Dat binne de buslinen tusken Dokkum en Ljouwert: bus 51 oer Gytsjerk en bus 54 oer Stiens, Hijum, Hallum. De bus rydt dan net mear nei it sintrum fan it doarp, mar bliuwt op de trochgeande dyk oan de râne fan it doarp. Yn de doarpen sels wurdt ferûntrêste reagearre op it plan. It soe foar ûnfeilige sitewaasjes soargje kinne. Ek is it foar âldere minsken mooglik lestiger in bushalte te berikken. Kramer seit dat de nije situaasje úteinlik liede sil ta mear reizgers yn de bus en dêr giet it him om. It algemiene belang fan Fryslân giet foar de winsken fan de ôfsûnderlike doarpen, seit Kramer. Reizgersorganisaasje ROCOV hat de provinsje in brief stjoerd dêr't se it iens yn binne mei de provinsje.

"Tûke set fan BFVW"

Kramer sei fierders noch dat er it in tûke set fan it Bûn fan Fryske Fûgelwachten fynt dat se dit jier gjin ûntheffing foar it meinimmen fan it earste ljipaai oanfreegje. De provinsje soe dy ûntheffing ek net jûn hawwe. Oare natuerorganisaasjes binne al jierren op it meinimmen fan ljipaaien tsjin. De lêste jierren giet de kommissaris fan de Kening nei it aai yn it lân ta. Kramer fynt dat de tradysje bliuwe moat. Dat heart by Fryslân, seit er. De deputearre hat wol soargen oer it tal neisoargers. Der binne hieltyd minder, omdat de oarspronklike tradysje fan it meinimmen fan ljipaaien ferdwûn is.

(advertinsje)