Wurk oan rûnwei De Lemmer healjier letter klear

© Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
It wurk oan de rûnwei fan De Lemmer duorret folle langer as dat pland wie. De wurksumheden moasten noch foar de simmer klear wêze, mar dat wurdt ein dit jier. Dat komt ûnder oare troch it wiete waar en trochdat de oannimmer in soad kabels en liedingen yn de grûn oantrof dy't yn it foar net bekend wiene, neffens de provinsje.
Om oerlêst en in ferkearsgaos foar te kommen, leit it wurk yn de simmerperioade stil. Yn july en augustus binne der safolle toeristen op De Lemmer, dat de provinsje besletten hat it wurk út te stellen nei septimber. Der wurdt oant ein juny trochwurke. Mei de drokke wiken yn april en maaie wurdt besocht de oerlêst safolle mooglik te beheinen. Mei de peaske- en de pinksterdagen komme ek altyd in soad toeristen nei De Lemmer.