Mingde reaksjes op lanlike 'wike sûnder fleis'

05 mrt 2018 - 18:39
  • Reportaazje oer wike sûnder fleis

Mear as 28.000 minsken hawwe harren offisjeel ynskreaun foar de 'Nationale Week Zonder Vlees'. Doel fan de organisearjende stichting is om minsken bewust te meitsjen fan de miljeu-effekten fan de produksje fan fleis. Op de Skrâns yn Ljouwert krige Omrop Fryslân alle mooglike reaksjes op it inisjatyf. Foarstanners dy't it goed fine dat ris stilstien wurdt by wat de achter de skermen eins allegearre bart. Tsjinstanners dy't soksoarte aksjes mar ûnsin fine: 'Ik fyn fleis lekker en as myn lichem derom freget, dan yt ik dat'.

Mar ek minsken dy't betwivelje oft de ynformaasje wol doocht: "Moatte we altyd mar efter soksoarte aksjes oanrinne? We wurde sa faak bedondere. Dit is miskien ek wol nepnijs".

Trefwurden: 
wike sûnder fleis
(advertinsje)