Brân yn loads yn Boazum ûnder kontrôle

05 mrt 2018 - 18:13

De brân yn in loads oan de Trochsnijing yn Boazum is ûnder kontrôle. Yn de loads is in fersinkerij fêstige, in bedriuw dat foarwerpen fan in laachje sink foarsjocht, lykas bygelyks stekken. Fanwege it sink koe der net mei wetter blust wurde. De brânwacht sette skom yn. It soe gean om in brân yn in kabelgoate mei elektrisiteit boppeyn it gebou.

Alle wurknimmmers binne der op 'e tiid út kaam. De brânwacht hat besocht oerslaan nei njonkenlizzende loadsen foar te kommen. De brânwacht fan Mantgum wie der as earste by, letter kamen dêr ferskate weinen fan de brânwacht Snits en in heechwurker by. De brân is ûnderwilens ûnder kontrôle.

Trefwurden: 
brân Boazum
(advertinsje)