Wurkstraf foar dronken bestjoerder sûnder rydbewiis

© Omrop Fryslân, Joris Kalma
In 55-jierrige man út Haulerwyk hat in wurkstraf krigen fan 60 oeren omdat er sûnder rydbewiis en dronken achter it stjoer siet. Hy mei ek in jier net ride en hat in moanne selstraf ûnder betingst krigen. Dat wie ek omdat er yn syn dronken bui in plysjewein fernield hat.
De plysje trof de man op 14 novimber oan yn Norg (Drinte). Dêr stie er mei syn auto boppe op in rotonde. Hy hie fierstente folle dronken, fiif kear mear as tastien. By syn oanhâlding waard er sa lulk, dat er mei syn holle in pear dûken yn in plysje-auto sloech. De man sit sûnt ein novimber fêst, nei't de plysje yn syn wenning in drugslaboratoarium fûn hie. Hy ûntkent dat er dêr wat mei te krijen hat.