Fiskkotter by Skiermûntseach nei fiif dagen flot lutsen

05 mrt 2018 - 17:08

De kotter dy't ferline wike fêst kaam te sitten boppe Skiermûntseach is moandeitemiddei los lutsen. Dat lit de Kustwacht witte. De ZK80 rûn ferline wike woansdei oan 'e grûn, wêrtoch is net dúdlik. Der waard direkt besocht de kotter los te krijen, mar dat slagge net. Dêrop binne de trije bemanningsleden fan it skip ôfhelle.

Fanwege it lege wetter en it iis op it Waad slagge it de ôfrûne dagen net om de kotter los te krijen. De kotter is nei de haven fan Lauwerseach sleept.

Trefwurden: 
fiskkotter Skiermûntseach
(advertinsje)