Kruiend iis skoot yn skossen by Ofslútdyk op

05 mrt 2018 - 16:52
  • Kruiend iis skoot yn skossen by Ofslútdyk op

Nei dagen reedrydwille is snein it teiwaar ynset. Dat soarget foar in oar soart wille, dy't  ek mei iis te krijen hat. Op de Ofslútdyk en by Hylpen is it iis yn skossen by de dyk omheechskood. Op de Ofslútdyk leit it kruiend iis meters heech. Rykswettersteat warskôget autobestjoerders net oan de kant stean te gean om foto's te meitsjen.

Trefwurden: 
kruiend iis Ofslútdyk
(advertinsje)