Lichem fûn yn wetter by Dokkumer Nije Silen

© De Vries Media
Yn it wetter bij Dokkumer Nije Silen is moandeitemiddei in lichem lokalisearre. Dat barde by de syktocht nei de fermiste Bart Goeree út it Grinslanner Ulrum. It is net dúdlik oft it lichem fan dy man is. De plysje seit dat it stoflik omskot oan de ein fan de middei burgen wurdt. Dan kin ûndersyk dien wurde nei de identiteit.
De man út Ulrum wurdt sûnt snein fermist. Syn auto waard fûn yn Dokkumer Nije Silen. De plysje wie dêrom oan it sykjen yn it wetter tusken Dokkumer Nije Silen en Ingwierrum.