Boargemaster slút Drachtster gebou om himpkwekerij
Boargemaster Van Mourik fan Smellingerlân hat in gebou oan de Dukdalf yn Drachten slute litten. Dat is omdat ein ferline jier in himpkwekerij fûn waard mei hast 1800 planten. Twa manlju binne doe oppakt. Van Mourik hat besletten it gebou trije moanne ticht te dwaan, om't it om in grutte hannelsfoarried gie.