Finzenisstraf foar bitende azc-bewenner

Justysje © Omrop Fryslân
In eardere bewenner fan in asylsikerssintrum yn Drachten hat in wike selstraf krige, omdat er in meiwurker fan de befeiliging yn de tomme biten hat. Dat barde by fjochterij mei twa befeiligers, ein ferline jier.
De fertochte biet de iene man yn de tomme, de oare krige in stomp op it boarst. De twa befeiligers wiene yn aksje kaam, omdat se heard hiene dat de man him hiel agressyf gedroech. Neffens de fertochte sels wie er oerstjoer, omdat syn heit ferstoarn wie. De fertochte wennet net mear yn it azc. It is net bekend wêr't er no is.