Brân yn eardere pleats Frouckje State yn Ryptsjerk

05 mrt 2018 - 16:13

Yn it eardere Frouckje State yn Ryptsjerk is moandeitemiddei brân útbrutsen. Der sit no in kueroard yn. De brânwacht is der mei twa ploegen hinne riden. It fjoer is ûntstien yn de skoarstien. Omdat it giet om in pleats mei in reidtek, hat de brânwacht opskaald nei middelbrân. Mar it liket ta te fallen mei de brân. Neffens de brânwacht binne der gjin minsken yn it gebou. 

Trefwurden: 
Frouckje State Ryptsjerk
(advertinsje)