Noed oer lege tribunes by SC Hearrenfean

05 mrt 2018 - 17:16

It falt de measte SC Hearrenfean-supporters al in skoftlang op: lege tribunes by thúswedstriden. By de wedstriid fan ôfrûne sneon tsjin Willem II waard in djiptepunt berikt. Noch net earder wiene de lege plakken yn it Abe Lenstra stadion sa bot sichtber. Offisjeel wienen der 17.000 taskôgers, mar oft it wol safolle wienen, wurdt betwivele.

Der binne soargen. By de klup, mar ek by de supporters. Neffens Tiemen Korvemaker, foarsitter fan supportersklup Feanfan, moat njonken goed fuotbal ek mear entertainment komme om de wedstriden hinne. Dat fynt Patrick Mayer fan sportpromoasjebedriuw Sporting Events ek.

Yn de lêste fjouwer seizoenen is it tal taskôgers by SC Hearrenfean mei sa'n 17 prosint nei ûnderen gien.

Trefwurden: 
SC Hearrenfean publyk fuotbal
(advertinsje)