Vermilion praat ynwenners Weststellingwerf by oer gaswinning

05 mrt 2018 - 15:21

Gaswinbedriuw Vermilion organisearret yn maaie in ynformaasjebyienkomst oer gaswinning yn Weststellingwerf. It bedriuw fertelt dan wat it allegear docht en fan plan is te dwaan yn de gemeente. Vermilion wint gas op ferskate lokaasjes yn Weststellingwerf.

Wethâlder Trompetter hat dêr koartlyn mei it bedriuw oer praat en doe wiisd op de fragen dy't de minsken yn de gemeente oer gaswinning ha. Vermilion wol dy fragen beäntwurdzje op de ynformaasjebyienkomst.

(advertinsje)