Proefboarringen by Skier binne begûn; protest nimt ta

05 mrt 2018 - 14:57

It bedriuw Hansa Hydrocarbons is begûn mei de proefboarring nei gas by Skiermûntseach, dêr't safolle om te dwaan is. De boarring stie pland foar twa wiken lyn, mar dat gie doe oer fanwege fûl protest. Aksjefierders fan miljeu-organisaasje Greenpeace hâlden it boarplatfoarm in skoftsje beset. Neidat se ôffierd wiene, gie de boar de boaiem yn. It kin noch wol in pear moannen duorje foardat dúdlik is wat de proefboarring opsmiten hat.

Der is in soad ferset tsjin it boarjen nei gas by Skiermûntseach. Twa petysjes, fan Greenpeace en fan de Waadferiening, binne yntusken troch hast 30.000 minsken tekene.

(advertinsje)