Kuierjende frou op 'e hoarnen naam troch Spaanske bolle

05 mrt 2018 - 13:49

In frou út Boyl is dit wykein ferwûne rekke doe't sy yn Wapserveld troch in Spaanske bolle op de hoarnen naam waard. De frou wie mei har man te kuierjen doe't se it bist tsjinkamen.

"Geluk gehad"

"Het dier stond op het pad. We gaan er dan altijd met een boog omheen", sa fertelt partner Karel Bakx oan RTV Drenthe. Gewoanwei bart der neffens Bakx neat, mar dizze kear draaide de bolle him om en joech er de frou in behoarlike tik. Bakx: "Mijn vrouw viel op de grond en had een flinke jaap in haar gezicht. Ze heeft ook een grote bloeduitstorting in haar zij, maar we hebben daarmee nog geluk gehad."

Oerlis

Natuurmonumenten is de behearder fan it natuergebiet. Yn in reaksje oan de Drintske omrop lit de organisaasje witte dat se kontakt hân hawwe mei Bakx. "We nemen de melding heel serieus en hebben ook contact gezocht met de eigenaar van de runderen. Er komt een overleg en naar aanleiding daarvan gaan we kijken wat voor actie we gaan ondernemen", seit boskwachter Ruud Kreetz. 

Net geskikt

Karel Bakx lit op Facebook witte dat er fynt dat dit soarte Spaanske bollen net geskikt binne om tusken kuierders en toeristen te hâlden. It is net foar it earst dat der in ynsidint mei de bisten is. Twa jier lyn kamen de Spaanske kij ek al yn it nijs. Bern dy't fia it natuergebiet nei skoalle fytsten, koene gauris net op 'e tiid komme om't de bisten de dyk blokkearren. 

Wapserveld is net it iennige natuergebiet dêr't dizze bisten rinne. Deselde bollen rinne sûnt 2015 ek yn de natuer fan Skiermûntseach. 

Trefwurden: 
bolle Sayaguesa-bolle
(advertinsje)