Keaper socht foar kiosk by Spoekeplas yn Noardwâlde

05 mrt 2018 - 13:09

De by swimmers populêre Spoekeplas by Noardwâlde fertsjinnet in kiosk mei goeie foarsjenningen lykas húskes, dêr is elkenien it wol oer iens. Dochs wie dat de ôfrûne jierren wolris in probleem, omdat der gjin pachter wie foar de kiosk. Om dêr wat oan te dwaan docht Steatsboskbehear de kiosk no yn de ferkeap.

Om in nije eigener in kâns te jaan de ynvestearrings werom te fertsjinjen, is der 150 kante meter beskikber foar in útwreiding fan de akkommodaasje. Sa soe der bygelyks pankoekerestaurant by komme kinne of in saak dêr't je bûtendoar aktiviteiten by organisearje kinne. It giet net om hiele kwetsbere natuer, dus der is wol wat mooglik, seit boskwachter Roel Vriesema. Minsken hawwe oant 1 maaie de tiid om kontakt op te nimmen mei Steatsboskbehear oer de kiosk.

(advertinsje)