Wurkstraf om skopperij fanwege Swarte Pyt

05 mrt 2018 - 12:56

In Amsterdammer fan 22 jier âld hat fan de rjochter in wurkstraf krigen om't er immen in skop tsjin de holle jûn hie. Neffens de man hie er dat dien om't it slachtoffer him útmakke hie foar Swarte Pyt. Dit barde allegearre yn desimber ferline jier op it Ruterskertier yn Ljouwert.

In portier fan de Febo seach dat de Amsterdammer it slachtoffer tsjin de holle skopte wylst dy krekt op 'e grûn siet. It slachtoffer hie gjin ferwûnings oprûn fan de skop, mar neffens de rjochter hie dit samar oars ôfrinne kinnen. Om't de Amsterdammer noch gjin strafblêd hie, waard de straf troch de helte dien: fan 80 nei 40 oeren wurkstraf. De oare 40 oeren binne ûnder betingst oplein.

Trefwurden: 
justysje mishanneling
(advertinsje)